Tiden drage, sinnen skine,
Lit de dreamen by 't forline;
Oan 'e takomst wês dyn died:
Iepne fuorgen, libben sied,
Moedich each, kleare kop:
Frysk bloed, tsjoch op!
Lit de slûgen rêstich slomje.
Lit de kâlden stil forklomje –
Mar dy't wekker is, oerein!
Mar dy't waerm fan hert, útein!
Hwant de rop davert op:
Frysk bloed, tsjoch op!
Lit dan krûpe dat net gean doar,
Lit dan bûge dat net stean doar –
Dy't gjin krûpen learde giet,
Dy't fan bûgjen frjemd bleau stiet,
Heech it hert, heech de kop:
Frysk bloed, tsjoch op!
Nou't de goede stoarmen geane,
Nou't rjochtút de flaggen fleane,
Nou't de gouden ûre kaem
Foar de greate, stoere raem –
Doch it goed, doch it hjoed –
Tsjoch op, Frysk bloed!
//
Laat dan kruipen dat niet durft gaan,
Laat dan buigen dat niet durft staan –
Wie het kruipen niet leerde gaat,
Wie het buigen vreemd bleef staat,
Recht uit het hart, recht het roer:
Fries bloed, vervoer!
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.