In feintsje út Menaam
dy jaget troch it griene wâld,
hy wiuwt tsjin elk jongfaam
yn hiel de wide wrâld.
No ja, no ja!
Want sin en wille is mear as jild
yn bosk en iepen fjild.
Myn ryk-rak fyts fan stâl!
Ik ryd him troch de hikkedam
en set ik fuort fan wâl
ast feintsje fan Menaam.
No ja, no ja! Enz.
Men sjocht my thus net wer,
sa lang myn wrakke bân it hâld,
ik swalkje her en der
oer hiel de wide wrâld.
No ja, no ja! Enz.
Sjoch ik in bliere faam,
ik ryd der net mei feart bylâns
as 't feintsje van Menaam,
mar 'k gryp myn goede kâns.
No ja, no ja! Enz.
Jou ús in lytse klint,
in hoekje bou, in geit derta,
al ha 'k gjin reade sint
hoe skoan sill' wy 't der ha.
No ja, no ja! Enz.
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.