Olitski is in fisker.
Hy smyt syn angel yn in pearse see
lokies
sparrelet oan ‘e line
in dichtersmûle
byt.
Ek al ytsto him mei haaietosken op
ek al swimt hy yn dyn poarperen dichtersbúk
Olitski bliuwt in deagewoane fisker.
In búkstimme lústert:
Olitski, ik bin dyn Unter-Olitski
ik lit lilke koppen rôlje en woeste
weagen op dyn holle stikken slaan.
In hollestimme seit:
Olitski, ik bin dyn Uber-Olitski
ik wit wêr't de minskehaai wennet, hjir deun
ûnder dyn boat tusken it gouden koraal.
Olitski bliuwt Olitski.
Hy fisket de stimmen út it net
hy hellet wize lûden fan 'e heak
hy laket in haaietosk bleat.
Olitski is in fisker.
Hy smyt syn angel yn in reade see.
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.