Ballade fan de Sinteklazeboer

Yn ‘t hertsje fan Hinnaard’rradiel
stiet earne in boerehûs, dêr ‘t hiel
wat jierren lyn op wenne
in jonge widdo. ‘t Wie dêr rom,
in oare stjelp yn ’t wiid rûnom
koe amper men bekenne.

Dy pleats, sa wol in âld ferhaal,
yn yprenbeammen yl en skraal,
te waaid en heal ferwile,
dêr hat op in desimbermoarn
him ienkear in hiel ûngewoan
en seldsum stik ôfspile.

De widdo warber as in bij,
berêde sels har buorkerij
en hie it slim folhannich.
Se tsjerne en tsize dat it die,
komselden, redsum as se wie,
waard har it wurk te bannich.

Dat kaam, se hie in feint yn hier,
in kloeke bodder, sikerwier,
dy wóé, it wie wat wûnders.
En sterk! Hy tilde boppehâns
op ’t tsiisboerd tagelyk mei glâns
twa, trije tritichpûnders.

Hy molk en fuorre it jier yn ’t rûn
en stie faak op ‘e lette jûn
yn ’t fjild noch poer-allinne.
Nachts hat er as in soarchsum feint
yn ‘t bûthûs mannich kealtsje heind:
hy fléach foar syn boerinne.

Sa libbe it dêr de jiergong lâns
en bleau it buorkjen yn ‘e blâns,
sa koe de frou it rugje.
Doe, op in jûn, de dei wie oer,
hy siet by ‘t waarme winterfjoer
foar har te klompeplugjen,

doe sei boerinne mei in glim,
– der lei wat gutichs yn har stim -:
“’t is tiid fan sinteklaazjen,
ast no dyn klompen hjir ris brochst
watst dêr moarnier yn fine mochtst
meist nimme as dyn gaazje!”

De feint, nijsgjirrich as in skries,
joech foar de frou har wurd belies
en joech him doe nei sliepen,
mar tocht, ear ‘t him de lea befoel:
wat is de b’’rinne dochs fan doel?
Dy grutte fraach bleau iepen.

De oare moarns foar dage en dei
wie hy al ûnder ’e wrine wei
mei ‘t doel en lit neat skine.
Stil kipe er troch de mulhûsdoar.
mar hoe ’t er seach, hy koe gjin spoar
noch skyn fan klompen fine.

Wól stie de widdo nêst de hurd,
“Sjoch mar ris goed”sa wie har wurd,
“wat ha ‘k hjir oan myn skonken?”
De feint besaude en hy begriep:
syn klompen! O, se lake liep
tewyl har eagen blonken.

It duorre net mear mâle lang
doe wie de mole troch de fang
de feint wie gau besletten.
Hy naam syn sinteklaaspresint
mei beide hannen oan en sint
wie ‘t maitiid yn twa herten.

Wie maitiid doe ‘t yn kleare taal
twa flaggen op ‘e skuorrenaal
ferhellen fan‘t wjerfarren…
Noch altyd hâldt de jierren oer
de namme“Sinteklazeboer”
oantinken oan dit barren.

Mar as om sinteklazetiid
d’ âld biskop oer de dakken riidt
dan kin er ‘t foar him krije:
dy feint, dy widdo by de hurd,
dan glimket er yn ‘t grize burd.
Hy mei ‘t ferhaal wol lije.

Dichter(s): Douwe A. Tamminga

Locatie: Coördinaten: (53.119519, 5.609185)

Taal: Fries

Datum geplaatst: Voorjaar 1994

Relatie met locatie: Deze in Friesland bekende volksvertelling speelt zich af op en rond de boerderij aan de vaart waarlangs de route gaat.

Boek: Eerste publicatie van de Ballade in de Leeuwarder Courant van 3 december 1974. Verdere info over de route en de daarin opgenomen gedichten in 'It Fryske fersepaad; in paad van fersen tusken Iens en Boalsert; gearstalling Inne Heerma en Douwe Willemsma. Uitgave van Stichting Dorpshuis Edens, gedrukt door Van derEems, Oosterend. ISBN 9090 2072 01.

Opmerkingen of wetenswaardigheden: Het gedicht is te vinden aan het fietspad, waar de Ienzer Opfeart uitmondt in de Bolswardervaart onder Edens, schuin tegenover de boerderij aan de overzijde, de Sinteklazepleats. Het paneel maakt deel uit van 'It Fryske Fersepaad', een poëzieroute met 25 gedichten aan het fietspad langs de Bolswarder Vaart tussen Edens en Bolsward. Deze route, een initiatief van de Stichting Dorpshuis Edens, werd op 27 mei 1994 geopend door het College van Gedeputeerde Staten van Friesland. In 2006 werd een aantal nieuwe gedichten geplaatst.

Meer info: Verder lezen over de achtergrond van het volksverhaal uit de Ballade: https://www.verhalenbank.nl/items/show/14656 Kijk en lees ook verder op: https://www.hwwunseradiel.nl/archief/GAA001/WEB/detailpage-dorp.php?loadfile=meesterbakker.html Meer info over Douwe Tamminga: https://nl.wikipedia.org/wiki/Douwe_Tamminga In het Fries: https://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/49-t/268-tamminga-douwe-annes Video interview Douwe Tamminga https://weromrop.omropfryslan.nl/nl/uitzending/skriuwers-yn-byld-douwe-tamminga

Naam invuller: Johan Hoekstra

Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.