ik hâld fan de hertstocht fan de Wâlden
it smûke fan in beamwâl op ‘t Heechsân
it stege fan de klaai leit my ek nei
blommen fekken kleuren yn ‘e Bjirmen
de slinger fan de Slachte troch it lân
mar sljocht bin ik op Spannum en Kûbaard
dy sealtektoer, sa’n âlde pastorije
it stompe en it spitske byinoar
om Wommels hinne lizze hert en aard
en ik dichtsje en dichtsje my in bân
al dy fersen wurde rûte en wei
dy’t ik begean wol dy’t ik ferstean wol
en yn ‘e fersen steane loft en lân
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.