Rjochtút

op 'e Skredyk ôfslútdyk
troch de eardere Middelsee
fyts ik it hûs foarby
fan 'e Hogerhússaak

in noch altiten net
ôfsletten ûnrjochtsaak

it gea is hjir tsjûge
fan 'e rjochte wegen
dy't minsken ynbûgden
om te striden foar rjocht

streekrjochte diken
fearten en pleatsen
grien is it Bildt
fier rint it eachweid

read wiende de bodders
dy't takomst seagen
yn in treasteleas hjoed
rûkten sy it lemieren
fan har dei

fytsend troch dit lân
in yndike see
bin ik beselskippe
fan dykbouwers polderjonges
striders foar rjocht

de skiednis rydt mei

Dichter(s): Reinhard Verveld

Locatie: Stienzer Hegedyk, Stiens, Nederland

Taal: Nederlands

Opmerkingen of wetenswaardigheden: Reinhard Verveld leefde van 1931-2020.

Naam invuller: Feikje Zijlstra

Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.