84 Ode

ik sit op myn fyts
en ik sjong der myn liet
it liet dan myn treflik fytske
de bantsjes snuôrje troch waar en troch wyn
it stjoer glimt fan rein en fan sinne

myn fyts sljocht en rjocht
mar sa earlik as goud
in ding sûnder babbelegûchjes
gjin spegeltsje hjir gjin wizerke der
en gjin laberint fan in motor

ik poets net op sneon
en ik poets net op snein
ik lit har mat stikem gewurde
en is der wat mis dan sjoch ik it fluch
en krij ik gjin pine yn 'e holle

it ljocht stiet op read
in troep auto's der foar
ik ryd der de slalom om hunne
en sprint it op grien dan bik ik al fuort
it earst út dy stjonkende file

ik skel op de lju
mar se hearre it net
breedút yn har rikjende kringen
oan rinnede bân skoot blik by my lâns
ik fyts fûgelfraai per de wegen

iens pakke se my
en dan sjong ik net mear
dan lis ik hiel stil op de stiennen
en stil leit myn fyts foar skroat oer de dyk
ien tsjil draait der noch mar wat hinne

Dichter(s): Reinder Rienk van der Leest

Locatie: Coördinaten: (53.11321471817443, 5.588524067521536)

Taal: Fries

Datum geplaatst: 1994

Relatie met locatie: Aan het fiets-/wandelpad langs de Bolswardervaart: kent niet elke fietser dit blijmakende gevoel? Dit gedicht (dat in z'n titel een raadselachtige 84 draagt) gaat over het pure plezier van fietsen. En ja, er wordt afgegeven op auto's en de automobilisten. Gelukkig ontbreken die op dit fietspad (en ook de tragische afloop in dit gedicht). Wel staat hier een bank om even te zitten en uit te kijken over het water en de weilanden, en te genieten van je rijwiel. 'Gjin spegeltsje hjir, gjin wizerke der.'

Initiatiefnemer: Stichting Dorpshuis Edens / Stichting Doarpshûs Iens, Van Burmaniawei 4, 8733 EP Iens

Vormgever: Gert Jan Slagter

Boek: Uit: 'Hwat moat in ûntwerper fan pakpapier wol fiele?' (1972)

Meer info: Over R.R. van der Leest (in het Fries): https://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/41-l/119-leest-reinder-rienk-van-der In het Nederlands: https://nl.wikipedia.org/wiki/Reinder_Rienk_van_der_Leest Verder lezen: https://www.dbnl.org/auteurs/auteur.php?id=lees002 Op video in de reeks Skriuwers in byld: https://weromrop.omropfryslan.nl/nl/uitzending/skriuwers-yn-byld-rr-van-der-leest

Naam invuller: Johan Hoekstra

Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.