ik sit op myn fyts
en ik sjong der myn liet
it liet dan myn treflik fytske
de bantsjes snuôrje troch waar en troch wyn
it stjoer glimt fan rein en fan sinne
myn fyts sljocht en rjocht
mar sa earlik as goud
in ding sûnder babbelegûchjes
gjin spegeltsje hjir gjin wizerke der
en gjin laberint fan in motor
ik poets net op sneon
en ik poets net op snein
ik lit har mat stikem gewurde
en is der wat mis dan sjoch ik it fluch
en krij ik gjin pine yn 'e holle
it ljocht stiet op read
in troep auto's der foar
ik ryd der de slalom om hunne
en sprint it op grien dan bik ik al fuort
it earst út dy stjonkende file
ik skel op de lju
mar se hearre it net
breedút yn har rikjende kringen
oan rinnede bân skoot blik by my lâns
ik fyts fûgelfraai per de wegen
iens pakke se my
en dan sjong ik net mear
dan lis ik hiel stil op de stiennen
en stil leit myn fyts foar skroat oer de dyk
ien tsjil draait der noch mar wat hinne
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.