Wolkom, freugde fan 'e wrâld,
Headljocht oer 'e stjerren
Griente, krûd en blommefâd,
Mjitter fan ús jierren,
Himeleach, dy't al oersjocht,
Dy 't ús dauwe en mist ûnttsjocht
Dy 't ús 't fjild bemielet.
Ja, mei goud oerstrielet.
Kerse en lampe fan 'e dei,
Ul' fijân, iisteier,
Moudestower, droege wei,
Nacht- en froastferjeier,
Ljepper oer it wiet en droech
Rûnomrinner, nimmer slûch,
Ier en iet allinne,
Wolkom, wolkom sinne.
'k Sjoch de nacht al rju ferflein
Mei syn brune wjûken;
Alle man dy riist oerein
En begjint t' ûntlûken,
Díene ploeget, siedder, eid''t,
Dóare skiepen kij ferweid't,
Elk is drok yn roeren
Om syn dwaan te stjoeren.
Alle dier, ferhûge, sit,
Rint, fljocht, ljept en dûnset,
Brinzget, derten bûte wit,
Blêret, bêhet, gûnzet.
Ein en gies yn 't wetter sljurk't ,
't Wylde fûgelt tureljurkt,
Libje yn free en resten,
Bûte skeel en lêsten.
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.