De kleedbaas sprekt

De Kleedbaas sprekt:
Ik, kleedbaas Abram Martens Kuer
Fan Hijum, doch te witten,
Dat ik in kleed ha, wiid ferneamd,
Mei romte foar twa spriedten.
'k Ha 't fan myn âlden erfd;
Gjin jutten is 't - dat kerft -
Mar fan bêst himpen linnen;
Al mear as hûndert jier
Jout dit kleed hjir fertier
En in deihier te winnen.

Dit kleed, dat is myn keninkryk;
Dêr stel ik no de wetten,
Dy jilde, wêr ik 't oarber fyn,
De prikken út te setten.
Nin koalsiedterskerij
Kin wêze sûnder my,
Fan Stiens oan Hall'merhoeke,
Ja oan 'e Súdhoek ta;
Nin koalsied kin men ha,
Of myn kleed moat men brûke.

Dichter(s): Piter Jelles Troelstra

Locatie: Coördinaten: (53.28839206948662, 5.762555956484068)

Taal: Fries

Datum geplaatst: 2000

Initiatiefnemer: Literatuerrûte Ljouwerteradiel

Boek: Uit: 'Samle fersen' (1981)

Naam invuller: Feikje Zijlstra

Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.