Sjoch de ko, dy 't op 'e finne
Oan 't weidzjen is mank raai en blom,
Har tonge slaan om 't iten hinne
Fan wjerskanten, yn 't rûnom.
Jummer mar de kop omlegen,
Plôkje en skuorre oanienwei,
Ierde en seadde sa genegen,
Stadlich giet it fuotwurk mei,
Sjoch hoe bûchsum èn ynfieren
Hja de lea hâldt yn balâns,
Lûkend, srekkend, pees en spieren
Yn in rêstige kadâns.
Sa fan skaai en bou bestindich
Is de ko in kostber dier,
Mar as alle fee ynwindich
Tûzenreis sa singelier
Seldsum lykwicht fan ferrjochting.
Dar ta hûndert funksjes liedt:
Fieding, suvering, befochting,
Dat it dier syn sûnens biedt,
Dat troch wûnderwurk fan binnen
Alle weefsels underhâldt...
Hat dat ea befetsje kinnen
Alle kundichheid te wrâld?
Mee, it libben hjit op ierde
Yn finesses nei te gean?
Djipste wiisheid sil n et liede
Restleas ta folslein ferstean!
Mar ôfsjoen fan doel en noarmen
Stiet ien wierheid dochs oerein:
Sûnder leeg're wêzensfoarmen
Wien' de heeg're hâr ûntsein!
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.