De Ko

Sjoch de ko, dy 't op 'e finne
Oan 't weidzjen is mank raai en blom,
Har tonge slaan om 't iten hinne
Fan wjerskanten, yn 't rûnom.
Jummer mar de kop omlegen,
Plôkje en skuorre oanienwei,
Ierde en seadde sa genegen,
Stadlich giet it fuotwurk mei,
Sjoch hoe bûchsum èn ynfieren
Hja de lea hâldt yn balâns,
Lûkend, srekkend, pees en spieren
Yn in rêstige kadâns.
Sa fan skaai en bou bestindich
Is de ko in kostber dier,
Mar as alle fee ynwindich
Tûzenreis sa singelier
Seldsum lykwicht fan ferrjochting.
Dar ta hûndert funksjes liedt:
Fieding, suvering, befochting,
Dat it dier syn sûnens biedt,
Dat troch wûnderwurk fan binnen
Alle weefsels underhâldt...
Hat dat ea befetsje kinnen
Alle kundichheid te wrâld?
Mee, it libben hjit op ierde
Yn finesses nei te gean?
Djipste wiisheid sil n et liede
Restleas ta folslein ferstean!
Mar ôfsjoen fan doel en noarmen
Stiet ien wierheid dochs oerein:
Sûnder leeg're wêzensfoarmen
Wien' de heeg're hâr ûntsein!

Dichter(s): Harm Harsta

Locatie: Coördinaten: (53.095605732996084, 5.554276733890857)

Taal: Fries

Datum geplaatst: 1994

Relatie met locatie: Koeien, waar zijn ze? Lopen ze nog in de wei? Of verdwijnt de buitenkoe langzaam maar zeker uit het landschap? `De koe als zodanig bestaat niet', schreef Koos van Zomeren. 'zij is de koe zoals we nu met haar omgaan' Inclusief alles waar Harsta / Kiestra nog geen weet van had: melkquota, oormerken, kistkalveren, melkrobots. Hij zou zich in zijn graf omdraaien.

Initiatiefnemer: Het paneel maakt deel uit van It Fryske Fersepaad, een poëzieroute met 25 gedichten aan het fietspad langs de Bolswarder Vaart tussen Edens en Bolsward. Deze route, een initiatief van de Stichting Dorpshuis Edens, werd op 27 mei 1994 geopend door het College van GS van Friesland. In 2006 werd een aantal nieuwe gedichten geplaatst.

Vormgever: Gert Jan Slagter

Boek: Uit: Blêdswylsel fan it Bolwurk (1968), ûnder skûlnamme Harmen Harsta; de bondel befettet in seleksje fan fersen dy’t er lange jierren ûnder dyselde skriuwersnamme publisearre hie yn it Bolwerk, it blêd fan it Frysk Lânbou-ynstitút.

Opmerkingen of wetenswaardigheden: Harm Harsta is het pseudoniem van Douwe H. Kiestra.

Meer info: Meer over de schrijver: (Fries) : https://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/40-k/93-kiestra-douwe-h (NL) : https://www.dbnl.org/auteurs/auteur.php?id=kies003

Naam invuller: Johan Hoekstra

Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.