der sille dagen komme
dat gedichten as bern
op de trottoirs boartsje
en dat yn de iere maitiid
de minsken efkes stilsteane
de motors ôfsette en sizze
hear de bern
hear de poëzy
der sille dagen komme
dat de mem tsjin it bern seit
helje my in healpûn kofje
in pak sâlt
en in bondelstje gedichten
in tin bondeltsje
want de moanne is hast om
mar ek yn dy dagem
sille der minsjen wêze
dy 't de poëzy-brûkende frou freezje
dy 't freezje
dat der gjin skjin oerkimd yn de kast hingje sil
dat der gjin boerekoal op tafel komme sil
dat it bern net op'e tiid op bed lizze sil
dat der gjin kofje yn 'e po wêze sil
dat der túch op de piano lizze sil
dat dy 't oan de doar skillet net iependien
wurde sil
en dat binne dan de beropsfrezers
oan wa't men it ear net jaan sil
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.