Dêr stekt út griene beammen d'âlde toer
De skiere holle oerein yn't blauwe swurk,
Dêr triljend sinneljocht syn goud yn weeft.
Stil, steatlik riist er op, as yn de tiid,
Doe't wy as berntjes oan syn fuotten boarten.
Tnzen fan d'âlde tiid driuwe om syn holle,
Hûgnis fan ieuwen leit drôgjend oer syn lea.
By al wat wiksle wiist dy stoere bliuwer
Jit stom omhegens boppe d'âlde leane,
Dêr alle deaden 't lêste paad oer geane.
De libnen libje en stribje om him yn 't rûn,
De deaden sinke rûn him yn 'e grûn;
Hy bliuwt en stiet dêr stom yn har formidden,
In grize prester, foar har rêst te bidden.
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.