Dolce far niente

Genietsje fan de roken fan it lân
en fan de lytse jeften fan it libben:
in skouderkop, in tút, in fikse hân,
in bliid petear mei freonen en mei sibben.

Genietsje fan de betsjoenende muzyk
fan beammerûzjen en fan fûgelsjongen,
fan bern dy't fleurich djoeie op é dyk
en fan de súv're sfear yn fersen fongen.

Genietsje fan de lije sinneskyn
en nip mar hoeden fan de swiete wyn,
bespeur it stadich streamen fan dyn bloed
en nim it libben oan. Genietsje hjoed!

Dichter(s): Marten Sikkema

Locatie: Marijkemuoiwei Oranjewoud

Taal: Fries

Datum geplaatst: mei 2016

Initiatiefnemer: SLAH, Stichting Literaire Activiteiten Heerenveen, op initiatief van Ietsje Terpstra, Hayo Graafsma, Nynke van der Weide en Andries Koopmans.

Vormgever: SLAH (Uitgevoerd door fa. Fransen, Heerenveen)

Boek: Uit: 'Poëzijpaad Oranjewâld' (2016)

Opmerkingen of wetenswaardigheden: Onderdeel van het Poëziepad Oranjewoud, dat voert langs 16 gedichten en kunstwerken. De gedichten staan op natuurstenen platen, elk bevestigd op een Deense zwerfkei.

Meer info: info@slahheerenveen.nl/poezijpaad

Naam invuller: Trees Duipmans

Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.