as ik mei in oere stjerre moast
wat soe 'k noch uthelje wolle?
in lêste brief skriuwe oan har
ôfskied nimme fan in freondintsje
wat regelje foar de bern
nee neat fan dat allegearre
ik wol nei myn dea net regeare
it ret him wol sûnder my
der is neat om glêd te striken
der is my neat yn 'e wei
miskien soe ik even yn 't tún sjen
oft it gers al opkomt
en nei Lemstra rinne om in kroket
dy soe 'k noch wolris ite wolle
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.