Doarpke fier fan it wyld gewynder
't jachtsjen fan de bûnte stêd
Rêstich rinn'de kij, de hynders.
't Jongfee yt him fredich sêd.
Nea ferskrikt troch 't dôf gedinder
fan it trochgeand drok ferkear.
't Telt miskien yn oansjen minder,
mar yn stil genietsjen mear.
Roazige kastanje-plommen
skaadzje om de stompe toer.
Fjilden grien en bûnt fan blommen:
breidsmoarn fan 'e dorpsnatoer
elke maitiid wer fernije.
Sleatten griis en sulvergrau
dy 't it lege lân trochsnije,
spegeljend it himelblau.
Doarpke as in siel as tachtich,
minsken út it boerelaach.
Net yn tal en namme machtich,
net fan heech ferneamde staach.
Yn dat lytse plakje berne;
jonges, famkes, man en frou,
elts dy 't koart of lang der wenne
bliuwt dit oard fan ienfâld trou.
Mienskip is ien grutte sibbe,
âld'ren, jong'ren, boarger, boer,
ha in plak in elkaors libben,
drage om utens dorpsgeast oer.
Berte, boaskjen en ferstjerren,
't hat al jierren bliken dien:
tiid mei nea dy geast ferdjerre,
Ienser binn' en bliuwe ien!
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.