Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun,
mei hjerstich tried fan reachfyn goud.
Ik ha de tonge fan dyn tinzen preaun,
en foar dy in himel boud.
Ik ha dyn namme yn de wolken skreaun,
mei inket, ynlik read, fan ‘t sap út elzehout.
Ik ha de lippen fan dyn leafde preaun,
en fan dy al dat jout.
Ik ha dyn namme noch mei triennen wreaun,
en de smaak noch yn ‘e mûle preaun,
en de glâns noch yn myn eagen hân.
Mar troch de westewinen is er treaun,
en mei wolken fol fan wjitte is er dreaun,
en yn stiltme fan in storeen stoarn.
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.