It Noarderleech

De stilte fan it Noarderleech
net oantaast stik natoer
Dêr 't de weagen mei it tij
de streamen folgje oer it Waad
Dêr 't bysûndere fegetaasje
troch fersilting weelderich bloeit
Dêr 't barsten yn e swiere klaai
in mozayk foarmje yn 'e grûn

Dêr men jinsels wer omfine kin
yn 'e skepping fan eartiids
Dêr 't bûnte kloften fûgels
harren wei sykje om te brieden
nij libben ûntstiet yn dyn skurte
Bliuw moai stik natoer
ferstik net troch fersmoarging
Bliuw sa asto bist

Dichter(s): Joarnderke

Locatie: Zeedijk 8, 9073 TN Marrum, Nederland

Taal: Fries

Naam invuller: Feikje Zijlstra

Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.