Do bist foar my yn 't rûzjen fan de winen
en yn de iiv'ge sangen fan de see;
do bist foar my wêr 't oargeltoanen sjonge
in liet fan wijinge, in liet fan free.
Do bist foar my yn 't poarper fan de sinne,
as jûns yn 't west de loft yn lôge stiet,
do bist yn 't boartsjen fan de bliere weachjes,
do bist yn 't bloeiend blomke yn de mied'.
Do bist wêr 't skelle wjerljochtflitsen ljochtsje,
de tonger droanend rôlet oer de wrâld.
yn 't ivich sniekleed fan de hege bergen,
yn 't hillich swijen fan it steatlik wâld.
Do bist foar my wêr 't rûz'nen stjerren blinke.
mei súvre glâns yn 't hege himelblau,
do bist yn al wat grut en goed en wier is,
wêr 't foar my God is, leafste, dêr bisto.
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.