Oan him

Do bist foar my yn 't rûzjen fan de winen
en yn de iiv'ge sangen fan de see;
do bist foar my wêr 't oargeltoanen sjonge
in liet fan wijinge, in liet fan free.

Do bist foar my yn 't poarper fan de sinne,
as jûns yn 't west de loft yn lôge stiet,
do bist yn 't boartsjen fan de bliere weachjes,
do bist yn 't bloeiend blomke yn de mied'.

Do bist wêr 't skelle wjerljochtflitsen ljochtsje,
de tonger droanend rôlet oer de wrâld.
yn 't ivich sniekleed fan de hege bergen,
yn 't hillich swijen fan it steatlik wâld.

Do bist foar my wêr 't rûz'nen stjerren blinke.
mei súvre glâns yn 't hege himelblau,
do bist yn al wat grut en goed en wier is,
wêr 't foar my God is, leafste, dêr bisto.

Dichter(s): Rixt

Locatie: Coördinaten: (53.08456987711994, 5.5438310674159075)

Taal: Fries

Datum verwijderd: 1994

Relatie met locatie: Hier, aan het water, wachten. Wachten op jou. Jij en jij alleen: bewieroken, lof zingen, hoogachten, ophemelen bijna. Smachtend en wachtend: komt hij? Komt zij? Bedenk: een vrouw, een werkende vrouw, die honderd jaar geleden zo schreef, was uitzonderlijk.

Initiatiefnemer: Het paneel maakt deel uit van It Fryske Fersepaad, een poëzieroute met 25 gedichten aan het fietspad langs de Bolswarder Vaart tussen Edens en Bolsward. Deze route, een initiatief van de Stichting Dorpshuis Edens, werd op 27 mei 1994 geopend door het College van GS van Friesland. In 2006 werd een aantal nieuwe gedichten geplaatst.

Vormgever: Gert Jan Slagter

Boek: Uit: 'De gouden rider' (1952)

Opmerkingen of wetenswaardigheden: Het gedicht is op muziek gezet voor stem en piano door L.A.Dokkum, zie https://www.fryskmuzykargyf.nl/oan-him-2-voor-zang-en-piano/-la-dokkum-tekst-rixt.ashx Rixt was het pseudoniem van Hendrika Akke van Dorssen (1887-1979).

Meer info: Over de auteur (Fries) : https://www.sirkwy.frl/index.php/skriuwers-biografyen/47-r/306-rixt En ook : http://resources.huygens.knaw.nl/vrouwenlexicon/lemmata/data/Dorssen Zie ook het naar haar genoemde Frysk Dichterskollektyf Rixt: https://rixt.frl/kollektyf/wa-wie-rixt/

Naam invuller: Johan Hoekstra & Feikje Zijlstra

Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.