Sjong dyn sang foar de sinne, ljurk,
dû brune troubadour,
sjong foar flinters en fisken, ljurk,
greiden en marren oer,
sjong alle loften fol júchhei,
sjong alle dagen ljocht,
wetter en wyn dy sjonge mei,
de kym dy tilt fan nocht.
Meitsje alle fûgels dronken, ljurk,
en fiterje dyn koar,
hwa jit gjin wize kenne, ljurk,
sjong dû 'm harren foar,
dû bist in master as gjinien,
dyn siel is fan muzyk,
hwa hat foar God en sinne stien,
hat 'n kiel, dyn kiel gelyk?
En sjong ek foar de minsken, ljurk,
sjong dû ús klachten dea,
sjong fan in iiv'ge moarntiid, ljurk,
en sjong ús nachten rea,
sjong, dat de dea forliezer is,
sjong, dat it libben wint,
sjong, dat it Peaske, Peaske is
en dat Gods dei bigjint.
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.