Twa kikkerts oan 'e hip dy sprongen om yn 't lân.
De ien wie optimist, de oar swier op 'e hân.
't Wie melkerstiid, in wein mei folle bussen stûn ticht by in hikkedaam.
Se sprongen fan 'e grûn ynienen rjocht omheech
en ploften beide kjel troch eigen ûnferstân lyk yn in molkbus del.
Dêr swommen se oerstjoer, de bus wie boardefol,
de glêde kanten lâns, oant ien sei:
“k Wit it wol, wy binn' ferlern, sis ik, wy ha it libben hân.
Dit bodzjen jout ús neat, ik brûk leafst myn ferstân”
Hy buor'le nei omleech, wylst d' oare krigel sei:
“Ik brûk myn poaten leafst en jou mysels net wei”.
De molke reamme en skifte en skomme as griene sjippe.
Oant op it lêst de froast nei oerenlang geploeter,
wol tige wurch fansels, mar liben, siet op bûter,
Doe kaam de boerefeint werom en seach ferheard
ús kikkert yn 'e bus en smiet him yn 'e feart.
Lear fan dy kikkert dit: al rint it soms net mei,
jou noait de moed ferlern en smyt dysels net wei.
Want hy dy 't moedich bliuwt, yn tsjinslach doar te libjen,
dy wint de striid op 't lêst en slagget yn syn stribjen.
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.