Yn Wommels stiet op Freuledei
De flagge op de toer.
Heech yn de loft, dêr wappert hy
En sjocht de fjilden oer.
Hy sjocht it folk fan fier en heun
dewei nei 't doarpke gean.
Hy sjocht yn 't âlde doarpke sels
De bern om 't kreamke stean...
't Is Freuledei! By âld en jong
Stiet dy dei yn 't ûnthâld;
De dei dy 't namme en ropping hat
Yn hiel de keatserswrâld.
Sa lang as Fryslân Fryslân bliuwt
Bliuwt ek dy dei bestean.
En sil it folk fan fier en hein
Nei 't âlde doarpke gean.
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.