yn fûle pezen
jout de ko syn molke op
it skommet wyt omheech
yn 'e sulveren amer
de reade fûsten
helje op en del
om it gleie fleis
en bist noch boer
witte mear
wêr 't elts
begjin of ein hat
dêr is bist en boer
yn 'e amer
dêr is boer yn it bist
en dêr is
bist yn 'e boer
Terug naar overzicht
Vind je dat er informatie over dit gedicht ontbreekt? Stuur een mail naar
info@straatpoezie.nl met de titel en locatie van het gedicht en de aanvullende informatie.